Beardieren
De beardieren of beareftigen (Latynske namme: Ursoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea). Yn dizze taksonomyske groep is de libbene famylje fan 'e bearen (Ursidae) gearbrocht mei de útstoarne Hemicyonidae. Yn totaal omfiemet dizze boppefamylje 8 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, útsein Antarktika en Oseaanje.
Boppefamylje-opbou
- boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea)
- famylje bearen (Ursidae): 8 soarten
- ûnderfamylje pandadieren (Ailuropodinae)
- skaai katbearen (Ailurarctos) †
- skaai panda's (Ailuropoda): 1 soarte
- ûnderfamylje koartsnútbearen (Tremarctinae)
- skaai âldere koartsnútbearen (Plionarctos) †
- skaai brilbearen (Tremarctos): 1 soarte
- skaai Noardamerikaanske koartsnútbearen (Arctodus) †
- skaai Súdamerikaanske koartsnútbearen (Arctotherium) †
- ûnderfamylje echte bearen (Ursinae)
- tûke echte bearen (Ursini)
- skaai echte bearen (Ursus): 4 soarten
- skaai hunichbearen (Helarctos): 1 soarte
- skaai Yndyske bearen (Indarctos) †
- skaai lippebearen (Melursus): 1 soarte
- tûke oerbearen (Ursavini)
- skaai oerbearen (Ursavus) †
- skaai soerbearen (Agriotherium) †
- famylje healhûnen (Hemicyonidae) †
|
Boarnen, noaten en referinsjes