Poalrôfdieren
De poalrôfdieren (Latynske namme: Arctoidea) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia). Yn dizze taksonomyske groep binne de libbene boppefamyljes fan 'e beardieren of beareftigen (Ursoidea), de marterdieren (Musteloidea) en de seerôfdieren (Pinnipedia) gearbrocht. Yn totaal omfiemet dit tuskenskift 130 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, Antarktika ynbegrepen.
Tuskenskift-opbou
- tuskenskift poalrôfdieren (Arctoidea)
- boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea)
- famylje bearen (Ursidae): 8 soarten
- famylje healhûnen (Hemicyonidae) †
- boppefamylje marterdieren (Musteloidea)
- famylje lytse bearen of waskbeareftigen (Procyonidae): 14 soarten
- famylje lytse panda's (Ailuridae): 1 soarte
- famylje martereftigen (Mustelidae): 60 soarten
- famylje stjonkdieren (Mephitidae): 12 soarten
- boppefamylje seerôfdieren of finpoatigen (Pinnipedia)
- boppefamylje earrobeftigen (Otarioidea)
- famylje earrobben (Otariidae): 15 soarten
- famylje walrussen (Odobenidae): 1 soarte
- famylje oerseerôfdieren (Enaliarctidae) †
- boppefamylje seehûneftigen (Phocoidea)
- famylje seehûnen (Phocidae): 18 soarten
- famylje sturtseehûneftigen (Desmatophocidae) †
|
Boarnen, noaten en referinsjes