Dassen

dassen
De sulverdas út Noard-Amearika.
De sulverdas út Noard-Amearika.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
(ynformeel): dassen

De dassen foarmje yn 'e taksonomy in ynformele kloft binnen de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae). Der binne alve libbene soarten dassen, dy't yndield binne by trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen: de Jeraziatyske dassen (10 soarten ferdield oer 3 skaaien, allegearre út Jeraazje), de huningdassen (1 soarte út Afrika en Aazje) en de sulverdassen (1 soarte út Noard-Amearika). De beide soarten Aziatyske stjonkdassen waarden foarhinne by de Jeraziatyske dassen yndield, mar koartby hat genetysk ûndersyk útwiisd dat sy neier besibbe binne oan 'e stjonkdieren, wat harren yn 'e famylje Mephitidae pleatst.

Dassen binne koartskonkige, groulivige bisten, mei krêftige klauwe poaten dy't bedoeld binne om mei te graven. Se hawwe swarte koppen mei karakteristike wite streken. Harren gewicht rint útinoar fan 9-11 kg (guon sinnedassen) oant 18 kg (de Jeropeeske das).

Soarten

  • ûnderfamylje huningdassen (Mellivorinae)
    • skaai huningdassen (Mellivora)
      • hunichdas (Mellivora capensis)
  • ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae)
    • skaai bargedassen (Arctonyx)
      • bargedas (Arctonyx collaris)
    • skaai Jeraziatyske dassen (Meles)
      • Aziatyske das (Meles leucurus)
      • das (Meles meles)
      • Japanske das (Meles anakuma)
      • Transkaukazyske das (Meles canescens)
    • skaai sinnedassen (Melogale)
      • Birmeeske sinnedas (Melogale personata)
      • Borneosinnedas (Melogale everetti)
      • Fjetnameeske sinnedas (Melogale cucphuongensis)
      • Javaanske sinnedas (Melogale orientalis)
      • Sineeske sinnedas (Melogale moschata)
  • ûnderfamylje sulverdassen (Taxideinae)
    • skaai Chamitataxus
      • Chamitataxus avitus
    • skaai Pliotaxidea
      • Pliotaxidea garberi
      • Pliotaxidea nevadensis
    • skaai sulverdassen (Taxidea)
      • sulverdas (Taxidea taxus)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.