DeepSeek
DeepSeek (Sineesk: 深在海道求索; Pinyin: Shēndù Qiúsuǒ) is in Sineesk bedriuw dat him dwaande hâldt mei keunstmjittige yntelliginsje (meast bekend as A.I.). It bedriuw stiet ûnder lieding fan in groep wittenskippers, yngenieurs en ûndernimmers dy't de grinzen fan keunstmjittige yntelliginsje ferleegje wolle. It haadkantoar is fêstige yn Hangzhou, yn 'e provinsje Zhejiang. DeepSeek wurdt finansierd troch it Sineeske hedgefund High-Flyer, wêrfan't de mei-oprjochter, Liang Wenfeng, DeepSeek yn 2023 oprjochte en tsjinnet as algemien direkteur.[1]
It ûntwerp en de ûntwikkeling fan DeepSeek binne basearre op techniken foar deep learning, wat betsjut dat neurale netwurken brûkt wurde om gegevens te analysearjen en patroanen te werkennen. Dat lit it systeem komplekse problemen ferwurkje en yntelliginte besluten nimme op basis fan tige rike datasets. De technology dêr't DeepSeek op basearre is, is sa avansearre dat de keunstmjittige yntelliginsje leare kin fan nije gegevens en algoritmen, dy't syn prestaasjes oan ien tried wei ferbetterje kinne.
DeepSeek wurdt ûntwikkele yn reaksje op it groeiende ferlet yn 'e merk fan krêftige A.I.-oplossings. It bedriuw is rjochte op it leverjen fan praktyske útkomsten foar it oplossen fan echte problemen. It wurdt bygelyks brûkt yn medyske foarsjennings om krektere diagnoazes te leverjen en yn autonome auto's om it riden feiliger en effisjinter te meitsjen.
It bedriuw hat sûnt syn oprjochting in flugge groei trochmakke. Dat komt troch nije ynvestearrings en troch gearwurkingsferbannen mei oare I.T.-bedriuwen en universiteiten. DeepSeek wurket geregeldwei gear mei akademyske ynstellingen om nije ideeën te ûntwikkeljen en fierder ûndersyk út te fieren. Yn jannewaris 2025 feroarsake DeepSeek in lytse beurskrach op 'e Amerikaanske Nasdaq, doe't it bedriuw "it aura fan ûnoerwinlikens fan 'e Amerikaanske I.T.-sektor bedrige". De ûntwikkelders fan DeepSeek bewearden nammentlik dat se net mear as $5,6 miljoen útjûn hiene om har lêste A.I.-model te trainen, yn ferliking mei de hûnderten miljoenen of sels miljarden dollars dy't Amerikaanske bedriuwen besteegje oan har A.I.-technology.[2]
Privacy en feiligens binne wichtige faktoaren dêr't mei rekken holden wurde moat by de ûntwikkeling en ymplemintaasje fan it systeem. Dêrom binne yn DeepSeek in breed ferskaat fan kontrôles en feiligensmaatregels ynfierd. Dyselde maatregels binne lykwols bekritisearre as sinsuer troch waarnimmers fan bûten Sina. It is bygelyks ûnmooglik om ynformaasje te finen oer Sineesk binnenlânsk belied, histoaryske barrens lykas de protesten op it Plein fan de Himelske Frede yn Peking yn 1989, de ferfolging fan 'e etnyske Oeigoeren of de hjoeddeistige diplomatike status fan Taiwan.[3]
Keppeling om utens
Sjoch ek
- ChatGPT
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|