Guglielmo Segato

Guglielmo Segato
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Guglielmo Segato
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 23 maart 1906
berteplak Piazzola sul Brenta
stjerdatum 19 july 1979
stjerplak Motta di Livenza
lingte 1.67 m
sportive ynformaasje
sport hurdfytsen
O.S. Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1932

Guglielmo Segato (Piazzola sul Brenta, 23 maart 1906 - Motta di Livenza, 19 july 1979) wie in Italjaansk hurdfytser.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerspullen. Hy wûn yn Los Angeles it sulver op de yndividuele tiidrit mei in tiid fan 2:29:21.4 , de tiidrit gie oer in ôfstân fan 100 kilometer. Troch de goede prestaasjes fan syn lângenoaten Attilio Pavesi en Giuseppe Olmo yn dyselde yndividuele tiidrit wûn de Italjaanske ploech ek it ploegeklassemint. Nei de Olympyske Spullen bleau er as prof riden, Hy naam diel oan de Omgong fan itaalje yn 1933. Koart dêrnei beëinige er syn profesjonele karriêre, en gie nei Frankryk. Nei de kriich kearde Segato werom nei Itaalje en iepene hy in drukkerij yn de regio Feneto.
Guglielmo Segato ferstoar op 19 july 1979, yn 'e âldens fan 73 jier.

Dielname oan grutte omgongen

Dielname oan de Omgong fan Itaalje


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: