Kampaanje

Kampaanje
Flagge Wapen
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Napels
Oerflakte 13.595
Befolking 5.701.931
Befolkingstichtens 419,4
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Cervati: 1899
Oantal gemeenten 551
Provinsjes Avellino, Benevento, Kaserta, Napels, Salerno

Kampaanje of Kampanië (Italjaansk: Campania) is in regio yn Súd-Itaalje, dy't oprjochte waard yn 1861. Kampaanje grinzget oan de regio's Latium, Molise, Apulje en Basilikata en oan de Tyrreenske See leit. De namme is rjochtstreeks út it Latyn ôflaat, want de Romeinen neamden de regio nammentlik Campania felix, wat lokkich lânskip betsjutte. De haadstêd is Napels en de regio is opdield yn fiif provinsjes.

Tusken 600 en 200 f.Kr. wie Capua de wichtichste stêd fan Kampaanje. Yn de iere midsiuwen wie dat Amalfy en yn de lette midsiuwen waard Napels de dominante stêd en is dat ek bleaun.

Nijsgjirrichheden yn Kampaanje

  • Grot fan de Sibylle te Kumae
  • Grykske timpels te Paestum
  • Romeinske stêden te Pompeii en Herkulaneum
  • Romeinske filla's fan Oplontis en Stabiae
  • Fulkanen fan de Fesuvius
  • Solfatara (fulkaan)
  • Kostiera Amalfitana fan Sorrento oant Salerno
  • Eilannen Kapry en Ischia
Utsjoch op it eilân Proiida fan de Capo Pizzaco ôf.

Eilannen fan Kampaanje

  • Kapry
  • Ischja
  • Prosida

Provinsjes en wichtige stêden

Provinsje Ofkoarting Haadstêd Wichtige plakken
Avellino AV Avellino
Benevento BN Benevento
Kaserta CE Kaserta Aversa, Kapua
Napels NA Napels Pompei, Sorrento, Torre del Greco
Salerno SA Salerno Amaly, Paestum, Cava de' Tirreni

Keppeling om utens

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje