Mars (planeet)

Fergelyk fan de Ierde (lofts) en Mars (rjochts)

Mars (symboal: ♂) is de fjirde planeet fan it sinnestelsel. De planeet draait yn 1 jier en 322 dagen om de Sinne. Mei alle ynslachkraters oan de oerflakte hat Mars wol wat fan de Moanne. Dochs hat Mars ek wol in soad fan de ierde mei fulkanen, in tinne atmosfear en in noard- en súdpoal dêr't in iislaach leit. Yn omtrek is Mars likernôch de helte lytser as de ierde. De fjouwer seizoenen en de rotaasjeperioade komme wol oerien mei dy fan de ierde.

De namme is oernaam fan de Romeinen, dêr't de planeet by lyksteld wie oan Romeinske kriichsgod Mars. De lykstelling hienen de Romeinen lykwols oernaam fan de Griken en de Babeloanjers.

Njonken de Ierde is Mars de ienige planeet yn it sinnestelsel dêr't wetter foarkomt.