Mineraal

Kwarts

In mineraal is in stof dy't yn homogene fêste foarm (yn mineralogyske terminology: gedegen) yn de frije natuer foarkomt. De measte mineralen komme foar yn kristalline foarm, mar bygelyks obsidiaan hat een amorfe struktuer. De wittenskip dy't mineralen bestudearret wurdt mineralogy neamd, dit gebiet fan wittenskip hat faak raakflakken mei de gemy omdat mineralogy ek ûndersyk docht nei de gearstalling fan it mineraal, de measte mineralen besteane ommers út sâlten.

Mineralen wurde yn it fjild faak werkend oan harren kristalfoarm, harren kleur, de kleur dy't se ôfjouwe as se krast wurde, harren streekkleur, harren hurdheid, harren raangedrach, harren assosjaasje mei oare mineralen ensfh. Dizze klassike foarm fan werkenning freget in soad ûnderfining en is net altiten like betrouber. Yn de geology wurdt dêrtroch mear betroud op analyze efterôf fan oare optyske eigenskippen as kleur, benammen troch polarisaasje-mikroskopy (ljochtmikroskopy mei polarisearre ljocht), röntgen-poeierdiffraksje, Röntgenfluoressinsje spektrometry, Elektroanestriel mikro-analyze (elektronmikroprobe) en atoom absorpsje spektrometry. Yn bepaalde gefallen wurdt ynfraread-analyse tapast.

Underferdieling

Mineralebeurs.

Mineralen wurde yn Europa ornaris yn njoggen groepen ferdield neffens de klassifikaasje fan Strunz. Yn de Feriene Steaten wurdt de yndeling neffens Dana benammen brûkt, wêrby't mineralen yn 78 groepen ferdield wurde. Elke groep út de klassifikaasje fan Strunz bestiet út eleminten of ferbiningen mei in eigen struktuer:

  • De eleminten: de natuerlik foarkommende eleminten, noch fierder ûnderferdield yn
  • De sulfiden en besibben
    • sulfiden, zoals pyryt (FeS2) en sinnaber (HgS)
    • seleniden, lykas bornhardtyt (Co3Se4)
    • telluriden, lykas tetradymyt (Bi2Te2S)
    • arseniden, lykas saffloryt (CoAs2)
    • antimoniden, lykas dyskrasyt (Ag3Sb)
  • De halogeniden, ferbiningen mei halogenen, lykas halyt (keukensâlt, NaCl), ferrusyt en mendipyt
  • De oksiden en hydroksiden, lykas kupryt (Cu2O), brusyt (Magnesiumhydrokside, Mg(OH)2), diaspoar (AlO(OH))
  • De ferbiningen mei soerstof 'yn trijeomringing', hjir bestiet it anion út in sintraal dieltsje mids trije soerstofdieltsjes, lykas
    • boraten, mei BO33-
    • nitraten, mei NO3-
    • jodaten, mei IO3-
  • De ferbiningen mei soerstof 'yn fjouweromringing' mei in elemint út groep 6 en 16, hjir bestiet it anion út in sintraal dieltsje piramidaal mids fjouwer soerstofdieltsjes, lykas
    • sulfaten
    • gromaten
    • wolframaten
    • molybdaten
    • fanadaten
  • De ferbiningen mei soerstof 'yn fjouweromringing' mei in elemint út groep 5 en 15, hjir bestiet it anion út in sintraal dieltsje piramidaal mids fjouwer soerstofdielltsjes, lykas
    • fosfaten
    • arsenaten
  • De silikaten, besteande út SiO4-piramiden. Dizze piramiden kinne los foarkomme, yn duo's, yn keatlingfoarm, yn lagenfoarm of trijediminsjonaal bûn wurde.
  • De organyske ferbiningen, lykas koalen en harsen.

Eigenskippen

  • kristalstelsel;
  • kristalfoarm;
  • kleur;
  • ljochttrochskinendheid;
  • streekkleur;
  • glâns;
  • kleur fan de flam;
  • spliting;
  • brek;
  • hurdheid; sjoch de Hurdheidsskaal fan Mohs
  • magnetisme; magnetyske mineralen binne magnetyt,
  • radioaktiviteit; radioaktive mineralen binne uraninyt of pekblende (UO2) en torianyt (ThO2)
  • oplosberheid;
  • raangedrach

Sjoch ek

  • List fan mineralen
  • List fan nei in persoan neamde mineralen
  • International Mineralogical Association

Boeken oer mineralen

Diskusjelisten