Nearo

Nearo.

Nearo, folút Nearo Claudius Caesar Augustus Germanicus. (Antium, 15 desimber 37 - Rome, 9 juny 68) wie keizer fan Rome fan 13 oktober 54 oant en mei syn dea op 9 juny 68. Under syn bewâld fûn foar it earst kristenferfolgings plak.

Komôf

Nearo wie de soan fan Agrippina en fia har besibbe oan keizer Augustus Oktavianus.

Yn 50 krige syn mem Agrippina dy't troud wie mei keizer Klaudius, dizze sa fier dat er him as soan adoptearre. De filosoof Seneka de Jongere wie belêste mei syn opfieding. Yn 53 troude hy mei de dochter fan de keizer, Klaudia Oktavia. Yn oktober 54 waard Klaudius troch Agrippina fergiftige en de soan fan de keizer Britannikus fêst set op fertinking fan moard. Sadwaande koe Nearo sûnder fierdere konkurrinsje ta opfolger fan Klaudius útroppen wurde. Britannikus stoar 11 febrewaris 55, alyksa fergiftige.

Keizerskip

Yn it begjin fan it regear fan Nearo hie syn mem grutte ynfloed op him, mar nei de dea fan Britannikus waard sy troch him fan it paleis fuort stjoerd, sadat Nearo op 18-jierrige leeftyd alle macht yn hannen krige. Syn wichtichste adviseurs waarden Seneka en de prefekt fan de Praetorjaanske garde, Burrus. Fjouwer jier letter liet er syn mem deadzje.

De earste fiif jierren fan syn bewâld wienen in gouden tiid foar Rome en it Romeinske Ryk. Oeral hearske frede en wolfeart troch de kundige advizen fan Seneka en Burrus. Nei dizze fiif jier begûn Nearo him lykwols hieltyd minder te bemuoien mei it lânsbestjoer, mar hâlde er him ynstee dêrfan foaral dwaande mei syn passy's foar de Grykske kultuer, keunst, benammen mei toaniel en muzyk, mar ek drank, seks en minne perversiteiten.

Yn 62 kaam Burrus om it libben (neffens geroften wie er troch Nearo fermoarde) en tsjinne Seneka syn ûntslach yn, wat troch Nearo wegere waard. Ek liet er syn frou Klaudia terjochtstelle en ferfong har troch syn matresse Poppaea, de eks-frou fan syn eardere freon Oto dy't er fuort promovearre hie as gûverneur fan Lusitania (tsjintwurdich Portegal).

Kristenferfolgings

Sûnt dizze tiid gong it berchôf mei Nearo. Nearo hold him allinnich noch mar dwaande mei syn passy's en trede sels op as dichter, sjonger en toanielspiler. De senaat en it Romeinske folk koenen dat mar min wurdearje. Doe't in grutte brân yn 64 in grut part fan de stêd Rome ferwoaste, gongen alderlei (nei alle gedachten falske) geroften rûn dat Nearo hjir sels opdracht foar jûn hie. Neffens de tradisjonele skiedskriuwerij waard letter oanfierd dat keizer Nearo de kristenen dêrnei alle skuld jûn hawwe soe foar dizze grutte brân om himsels frij te pleitsjen.

Lang om let soe in opstân yn 68 yn Galje soargje foar de ein fan Nearo syn bewâld.

Keppeling om utens