Oscar foar Bêste Film
Oscar foar Bêste Film | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste film | |
útrikt troch | Academy of Motion PicturesArts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris / maart | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
1e útrikking | 1929 | |
offisjele webside | ||
oscars.org |
De Oscar foar Bêste Film, eins de Academy Award foar Bêste Film (Ingelsk: Academy Award for Best Picture), is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as de wichtichste en meast prestizjeuze filmpriis fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is. It is de wichtichste fan alle Oscars, en de útrikking fynt dêrom pas oan 'e ein fan 'e jûn plak, op it hichtepunt fan 'e seremoanje.
Histoaryske nammen
By de earste útrikking fan 'e Oscars, foar it filmjier 1927-1928, wiene der twa prizen foar bêste film: de Academy Award foar Treflike Film (Outstanding Picture) en de Academy Award foar Unike en Artistike Film (Unique and Artistic Picture). Dy wiene bedoeld om ferskillende, mar like wichtige aspekten fan 'e filmkeunst te earjen. De organisaasje besleat lykwols dat it gjin súkses wie, dat foar 1928-1929 waard de priis foar unike en artistike film ôfskaft, wylst de priis foar treflike film oerbleau as de wichtichste Oscar. Noch in jier letter, yn 1929-1930, waard dy omneamd ta de Academy Award foar Treflike Produksje (Outstanding Production). Dy namme hold de priis oant en mei 1940. Dêrnei hiet er fan 1941 oant en mei 1943 de Academy Award foar Treflike Langspylfilm (Outstanding Motion Picture), en fan 1944 oant en mei 1961 de Academy Award foar Bêste Langspylfilm (Best Motion Picture). Fan 1962 ôf draacht de priis syn hjoeddeistige namme.
Takenningsproses
Foar de Oscar foar Bêste Film wurde elts jier in tal films nominearre troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), dêr't de leden fan dy akademy dan de winner út kieze. Oant en mei 1943 waarden der 8 oant 12 films nominearre, mar fan 1944 ôf wiene der noch mar 5 nominaasjes. Yn 2009 feroare de AMPAS de regels, sadat der mei yngong fan 2010 5 oant 10 nominaasjes wêze soene.
Winners
Oant en mei 1933 waarden de Oscars yn maaie útrikt foar de perioade fanôf de foarrige útrikking, yn maaie fan it foargeande jier (dus yn maaie 1930 waarden de prizen útrikt foar de perioade fan maaie 1929 oant maaie 1930). Fan 1934 ôf waarden de Oscars útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1990", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1991.
jier | lân | winner | regisseur |
---|---|---|---|
1927/'28 | Sunrise: A Song of Two Humans (kategory Unike en Artistike Film) |
F.W. Murnau | |
Wings (kategory Treflike Film) |
William A. Wellman | ||
1928/'29 | The Broadway Melody | Harry Beaumont | |
1929/'30 | All Quiet on the Western Front | Lewis Milestone | |
1930/'31 | Cimarron | Wesley Ruggles | |
1931/'32 | Grand Hotel | Edmund Goulding | |
1932/'33 | Cavalcade | Frank Lloyd | |
1934 | It Happened One Night | Frank Capra | |
1935 | Mutiny on the Bounty | Frank Lloyd | |
1936 | The Great Ziegfeld | Robert Z. Leonard | |
1937 | The Life of Emile Zola | William Dieterle | |
1938 | You Can't Take It with You | Frank Capra | |
1939 | Gone with the Wind | Victor Fleming | |
1940 | Rebecca | Alfred Hitchcock | |
1941 | How Green Was My Valley | John Ford | |
1942 | Mrs. Miniver | William Wyler | |
1943 | Casablanca | Michael Curtiz | |
1944 | Going My Way | Leo McCarey | |
1945 | The Lost Weekend | Billy Wilder | |
1946 | The Best Years of Our Lives | William Wyler | |
1947 | Gentleman's Agreement | Elia Kazan | |
1948 | Hamlet | Laurence Olivier | |
1949 | All the King's Men | Robert Rossen | |
1950 | All About Eve | Joseph L. Mankiewicz | |
1951 | An American in Paris | Vincente Minnelli | |
1952 | The Greatest Show on Earth | Cecil B. DeMille | |
1953 | From Here to Eternity | Fred Zinnemann | |
1954 | On the Waterfront | Elia Kazan | |
1955 | Marty | Delbert Mann | |
1956 | Around the World in 80 Days | Michael Anderson | |
1957 | |
The Bridge on the River Kwai | David Lean |
1958 | Gigi | Vincente Minnelli | |
1959 | Ben-Hur | William Wyler | |
1960 | The Apartment | Billy Wilder | |
1961 | West Side Story | Robert Wise en Jerome Robbins | |
1962 | |
Lawrence of Arabia | David Lean |
1963 | Tom Jones | Tony Richardson | |
1964 | My Fair Lady | George Cukor | |
1965 | The Sound of Music | Robert Wise | |
1966 | A Man for All Seasons | Fred Zinnemann | |
1967 | In the Heat of the Night | Norman Jewison | |
1968 | Oliver! | Carol Reed | |
1969 | Midnight Cowboy | John Schlesinger | |
1970 | Patton | Franklin J. Schaffner | |
1971 | The French Connection | William Friedkin | |
1972 | The Godfather | Francis Ford Coppola | |
1973 | The Sting | George Roy Hill | |
1974 | The Godfather Part II | Francis Ford Coppola | |
1975 | One Flew Over the Cuckoo's Nest | Miloš Forman | |
1976 | Rocky | John G. Avildsen | |
1977 | Annie Hall | Woody Allen | |
1978 | The Deer Hunter | Michael Cimino | |
1979 | Kramer vs. Kramer | Robert Benton | |
1980 | Ordinary People | Robert Redford | |
1981 | Chariots of Fire | Hugh Hudson | |
1982 | |
Gandhi | Richard Attenborough |
1983 | Terms of Endearment | James L. Brooks | |
1984 | Amadeus | Miloš Forman | |
1985 | Out of Africa | Sydney Pollack | |
1986 | Platoon | Oliver Stone | |
1987 | |
The Last Emperor | Bernardo Bertolucci |
1988 | Rain Man | Barry Levinson | |
1989 | Driving Miss Daisy | Bruce Beresford | |
1990 | Dances with Wolves | Kevin Costner | |
1991 | The Silence of the Lambs | Jonathan Demme | |
1992 | Unforgiven | Clint Eastwood | |
1993 | Schindler's List | Steven Spielberg | |
1994 | Forrest Gump | Robert Zemeckis | |
1995 | Braveheart | Mel Gibson | |
1996 | The English Patient | Anthony Minghella | |
1997 | Titanic | James Cameron | |
1998 | |
Shakespeare in Love | John Madden |
1999 | American Beauty | Sam Mendes | |
2000 | |
Gladiator | Ridley Scott |
2001 | A Beautiful Mind | Ron Howard | |
2002 | Chicago | Rob Marshall | |
2003 | |
The Lord of the Rings: The Return of the King | Peter Jackson |
2004 | Million Dollar Baby | Clint Eastwood | |
2005 | Crash | Paul Haggis | |
2006 | The Departed | Martin Scorsese | |
2007 | No Country for Old Men | Joel Coen en Ethan Coen | |
2008 | Slumdog Millionaire | Danny Boyle | |
2009 | The Hurt Locker | Kathryn Bigelow | |
2010 | The King's Speech | Tom Hooper | |
2011 | The Artist | Michel Hazanavicius | |
2012 | Argo | Ben Affleck | |
2013 | 12 Years a Slave | Steve McQueen | |
2014 | Birman or (The Unexpected Virtue of Ignorance) | Alejandro González Iñárritu | |
2015 | Spotlight | Tom McCarthy | |
2016 | Moonlight | Barry Jenkins | |
2017 | The Shape of Water | Guillermo del Toro | |
2018 | Green Book | Peter Farrelly | |
2019 | Gisaengchung (Parasite) | Bong Joon-ho | |
2020 | Nomadland | Chloé Zhao | |
2021 | CODA | Siân Héder | |
2022 | Everything Everywhere All at Once | Daniel Kwan en Daniel Scheinert |
Keppelings om utens
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |