Panters
panters | ||
![]() | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
boppefamylje: | echte katdieren (Feloidea) | |
famylje: | kateftigen (Felidae) | |
ûnderfamylje: | grutte katten (Pantherinae) | |
skaai: | panters (Panthera) | |
Lorenz Oken, 1816 | ||
De panters of loaihoarsen (wittenskiplike namme: Panthera), ek wol panterkatten of brulkatten neamd, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae). Ta dit skaai hearre fiif libbene soarten grutte kateftigen, wêrûnder de liuw (Panthera leo) en de tiger (Panthera tigris). Dêropta binne der noch ferskate útstoarne soarten, lykas de hoaleliuw (Panthera spelaea).
Taksonomy
It skaai fan 'e panters waard yn 1816 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Lorenz Oken, dy't it brûkte as sammelbak foar alle spikkelbûnte kateftigen, wêrûnder in protte dy't letter hielendal net nau mei de panters besibbe blieken te wêzen, lykas it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). Yn 1916 beseach de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock it skaai op 'e nij en helle alle spikkelbûnte kateftigen derút behalven it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca), wylst er de effen kleurde liuw (Panthera leo) en de streekte tiger (Panthera tigris) tafoege op basis fan 'e likenis fan harren plassen mei dy fan it loaihoars. It snieloaihoars (Panthera uncia), de fyfde libbene soarte, wie lange tiid yndield yn in eigen, monotypysk skaai, mar DNA-ûndersyk út 2004 en 2008 brocht oan it ljocht dat it by de panters thúshearde.
Skaaimerken
By panters is de efterholle ôfplatte, wylst oan 'e foarkant fan 'e plasse it gebiet tusken de eagen net merkber ferhege is. It kin is rûn en wykt tebek. Alle panters hawwe in tongbonke dy't ûnfolslein ossifisearre (ta bonke wurden) is en dêropta in oanpaste strôtbal mei grutte stimbannen omjûn troch in elastysk weefsel. Dêrtroch kinne se de efterkant fan 'e bek oansjenlik grutter meitsje, wat harren it fermogen jout om te brullen. Dat is in tige lûde rop mei in patroan dat ûnderskiedend is foar de oanbelangjende soarte.
Allinnich it snieloaihoars (Panthera uncia) kin net brulle, om't dat bist folle koartere stimbannen hat (fan 9 mm), dy't in legere wjerstân tsjin luchtstreaming hawwe. Dêrom waard it snieloaihoars foarhinne yn in apart skaai pleatst, dat fan 'e sniepanters (Uncia), mar út DNA-ûndersyk die yn 'e 2000-er jierren bliken dat it snieloaihoars basaal is foar de panters.
Behalven brulle kinne panters ek 'proeste', wêrby't se in koart, sêft, snuvend lûd fuortbringe. Dat wurdt brûkt by kontakt tusken yndividuën dy't inoar kenne en freonlik mei-inoar omgeane.
Evolúsje
Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten hat útwiisd dat binnen it skaai fan 'e panters de tiger (Panthera tigris) him it earst ta selsstannige soarte ûntjoech, omtrint 6,6 miljoen jier lyn, folge troch de jagûar (Panthera onca), de liuw (Panthera leo) en it loaihoars (Panthera pardus). Wat oerbleau, wie it snieloaihoars (Panthera uncia), dat dêrmei basaal it foar de grutte katten.
Soarten
Njonken de fiif libbene soarten hearre ek ferskate lang lyn útstoarne soarten ta de panters, dy't inkeld as fossilen bekend binne. Swarte panters binne gjin aparte soarte, mar melanistyske eksimplaren fan ferskate pantersoarten, benammen it loaihoars en de jagûar. Sokke bisten hawwe in genetyske mutaasje dy't harren har swarte pelskleur jout, mar ferskille fierder net wêzentlik fan oare, spikkelbûnte leden fan harren soarte.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|