Perû

República del Perú
Flagge fan Perû Wapen fan Perû
Flagge Wapen
Lokaasje fan Perû
Offisjele taal Spaansk, Quechua, Aymara
Haadstêd Lima
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
1.285.216 km²
0.4­%
Ynwenners (2005) 26.152.265
Munt sol (PEN)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 28 july
Lânkoade PER
Ynternet .pe
Tillefoan 51

Perû (Spaansk: Perú), Quechua en Aymara: Piruw) is in lân oan de westkust fan Súd-Amearika.

Lizzing

It wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Machu Picchu, de ferdwûn stêd fan de Inka's.

De geografy fan Perû bestiet eins út trije parten.

  • De kuststreek bestiet meast út in drûge en net al te waarme woastyn.
  • It noardeasten bestiet út tropysk leechlân, en is in part fan it Amazônegebiet.
  • Dêr tusken leit it heechgeberchte fan de Andes

Skiednis

Perû wie yn it tiidrek foar de komst fan de Spaanske konkwistadores it heart fan it Inka Ryk, dêr't Kuzko haadstêd wie. Fan de oermastering ôf yn 1572 oant it begjin fan de 19e iuw, waard it lân troch Spanjerts bestjoerd. Yn 1821 waard it lân ûnôfhinklik fan Spanje en sûnt dy tiid ôfwiksjend troch militêre en boargerregearingen bestjoerd. Ek kamen sa no en dan diktators oan de macht.

Tusken 1836 en 1839 foarme Perû in konfederaasje mei Bolivia en fan 1864 oant 1866 fierde Perû kriich tsjin Spanje oer de Peruaanske guano-eilannen (de Ballestaseilannen). Spanje hie nammentlik ien fan dizze eilannen beset, dêr't Perû it net mei iens wie. De oarloch waard troch Perû wûn mei help fan har buorlannen Ekwador, Bolivia en Sily.

Tegearre mei Bolivia hat Perû ek kriich fiere tsjin Sily tusken 1879 en 1883, de saneamde Salpeterkriich. Sily hie doe nammentlik de kuststripe fan Perû ynfallen en de woastyn fan Perû beset, dêr't in soad kostber sâlt te finen wie. Perû ferlear de kriich en moast twa fan har provinsjes ôfstean oan Sily.

Yn it tiidrek fan 1980 oant 1992 hie de Peruaanske befolking te lijen fan gewelddiedige aksjes troch de Maoistyske terreurbeweging Ljochtsjend Paad, dy't as doel hie de maatskippy omfier te smiten. Har brute geweld hat nei gedachten oan sa'n tritichtûzen minsken it libben koste en nei skatting 29,5 miljard euro oan materiële skea. Doe't yn 1992 de lieding fan dizze beweging finzen nomd waard, kaam der in ein oan it geweld.

Demografy

Urarina shaman, 1988

Befolking

Perû hie yn 2005 26.152.265 ynwenners, wêrfan 45% yndianen (indigena), 37% mestizen (mestizo), 15% blanken en 3% swarten, Japanners en Sjinezen

Taal

It Spaansk is de offisjele taal fan it lân. Yn gebieten dêr't it Quechua en it Aymara sterk steane, binne sy ko-offisjeel, dus njonken it Spaansk. Dizze ynlânske talen wurde benammen sprutsen yn de Andes, dêr't in protte yndianen wenje.

De libbensferwachting bedraacht 68,05 jier foar manlju en 71,71 jier foar froulju (2006).

Religy

Goed 81% fan de Perûvianen is katolyk (2006).