Stienpiper

stienpiper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje piperfûgels (Motacillidae)
skaai pipers (Anthus)
soarte
Anthus petrosus
Montagu, 1798
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     wintergast


De stienpiper, ek wol seepiper (Anthus petrosus) neamd, is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels. De stienpiper is nau besibbe oan de wetterpiper en waard yn it ferline ta deselde soarte as de wetterpiper rekkene.

Foarkommen

Aaien fan de stienpiper

De stienpiper is yn fûgel fan sa’n 16-17 sm grut, d.w.s. wat grutter as in (hús)mosk. De fûgel is meast griis-brún mei streekte rêch en boarst en swartige snaffel en poaten.

Fersprieding

De stienpipers briede op rotsige seekusten en eilannen in Noardwest-Jeropa. Se oerwinterje oan de kusten fan West- en Súdwest-Jeropa en Marokko.

Yn Nederlân komt de stienpiper allinnich as wintergast (5000-10.000 jierliks) en trochtrekker (2000-10.000) foar. Yn de winter binne de stienpipers by de kust lâns, foaral by de Waadeilannen en de Súd-Hollânske en Siuwske eilannen te fine. De heegste oantallen stienpipers yn ‘e winter wurde in it Ferdronken Lân fan Saaftinge waarnommen.

Iten

De stenpipers ite meast ynsekten, weak- en skulpdieren en sieden.

Taksonomy

De stienpipersoarte hat twa of trije ûndersoarten:

Keppelings om utens