Tin (elemint)
Tin is in skiekundich elemint mei symboal Sn en atoomnûmer 50. It is in sulvergriis haadgroepmetaal.
Untdekking
Tin, ien fan de ierst ûntdekte metalen, waard meast yn brûns brûkt. Yn 3500 f.Kr. wie al bekend dat tin (krektas arseen en nikkel) in ferhurdzjend effekt hie op koper. Dêrom waard it brûkt yn ark en wapens. Al foar de tiid fan de Romeinen ûntstie der een bloeiende handel tusken de tinminen yn Cornwall en it Middellânske Seegebiet. De Egyptyske farao Pepi hat om 2300 f.Kr. in stânbyld meitsje litten dêr't tin yn siet út de minen fan Cornwall.
Sûnt ûngefear it jier 600 waard tin ek yn suver foarm tapast.
It wurd tin komt fan it Germaans *tina- en stiet ablautend neist teen dat 'twiichg' en yn 't Dútsk (Zain) ek 'metalen stêf' betsjut. It symboal Sn komt fan it neolatyn stannum dat fan it postklassike Latyn stagnum 'legearing fan sulver en lead' komt.
Tapassings
Tin hechtet him maklik oan izer en wurdt dêrtroch faak brûkt as rustkearende coating (blik). Oare tapassings:
- Legearing mei lead foar oargelpipen.
- Yn brûnslegearings foar tsjerkeklokken.
- As sêfte soldeertin foar de produksje fan elktroanyske skeakelingen en leadjitterswurk.
- It sâlt tingloaride wurdt brûkt as bytmiddel.
- Om glês in gled oerflak te jaan wurdt it faak yn floeibere foarm op tinnen platen jitten (it proses fan Pilkington).
- Raand tin wurdt troch in tinjitter yn foarmen jitten foar it meitsjen fan gebrûksfoarwerpen (âld bestek) of sierfoarwerpen (tinnen soldaatsjes).
- Yn earder iuwen waard tin faak brûkt om boarden, bekers, kannen en sa te meitsjen. (Sûnt de 18e iuw its it tinnen tafelark wat yn ûnbrûk reke en ferfongen troch porslein, diggelguod en glês).
- Yn de legearing Woodsmetaal foar ferskate tapassings.
De namme tin wurdt yn it Ingelsk bytiden fout brûkt foar tinblêdige metalen. It tinnen blikje is dêr it bêste foarbyld fan omdat blikjes makke wurde fan aluminium of fan stiel dat mei in tin laachje tin tsjin rustfoarming beskerme wurdt.
Opmerklike eigenskippen
Tin is in bûchsum, kneedber en tige kristallyn sulvereftich-wyt metaal dat by bûging in karakteristyk lûd jout dat feroarsake wurdt troch de brekkende kristallen. It metaal is bestand tsjin see- en kraanwetter, mar is oplosber yn de measte soeren.
By standertdruk komme der twa allotropen fan tin foar. By lege temperatuer komt it foar as griis - alfa - tin mei in kubyske kristalstruktuer fergelykber mei dy fan silisium en germanium. By temperatueren boppe de 13,2 °C feroaret it nei wyt - bêta - tin. Yn dizze foarm hat it in tetragonale struktuer. By ôfbkuolling giet it werom nei de kubyske foarm. Eartiids waard dit proses wol tinpest neamd; it kin foarkomme troch tafoeging fan antimoan of bismut.
Ferskining
Op hast alle kontininten op ierde komt tin foar. It erts wurdt by hege temperatuer yn ovens redusearre mei koalstof. It enige kommersjeel oantreklike tinbefetsjende mineraal is kassiteryt, dat benammen yn Súdeast-Aazje in soad fûn wurdt. Oare mineralen dy't yn lege konsintraasjes tin befetsje binne: stannyt, sylindryt, frankeyt, kanfieldyt en teallyt.
Isotopen
Meast stabile isotopen | |||||
---|---|---|---|---|---|
Iso | RO (%) | Ferfaltiid | FF | FE (MeV) | FP |
112Sn | 0,97 | stabyl mei 62 neutroanen | |||
114Sn | 0,65 | stabyl mei 64 neutroanen | |||
115Sn | 0,34 | stabyl mei 65 neutroanen | |||
116Sn | 14,54 | stabyl mei 66 neutroanen | |||
117Sn | 7,68 | stabyl mei 67 neutroanen | |||
118Sn | 24,22 | stabyl mei 68 neutroanen | |||
119Sn | 8,58 | stabyl mei 69 neutroanen | |||
120Sn | 32,59 | stabyl mei 70 neutroanen | |||
121Sn | syn | 27,06 o | β | 3,674 | 121Sb |
122Sn | 4,63 | stabyl mei 72 neutroanen | |||
124Sn | 5,79 | stabyl mei 74 neutroanen | |||
126Sn | syn | 1×105 j | β | 8312 | 126Sb |
Fan alle eleminten komme der fan tin de measte stabile isotopen foar (10). Dêrneist binne der ûngefear 18 radioaktive isotopen bekend.
Tokiskology en feilichheid
Fia blikiten krije de minsken lege konsintraasjes tin binnen. Oant hjoeddeis binne dêrfan gjin skealike gefolgen bekend en dus kin steld wurde dat tin ûngefaarlik is. Om 1965 rûn de tinpriis eksplosyf (oant 45 euro de kilogram op, no: 5 euro de kilogram), wêrtroch't in soad tjnjitters om de kostpriis te drukken harren leagering mei lead oanlingen. As út sa'n tinnen beker dronken waard rûn men uteraard it risiko fan leadfergiftiging.