Oerûguay
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Montevideo | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Oerûguayaanse peso (UYP) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | 25 augustus | ||||
Lânkoade | URY | ||||
Ynternet | .uy | ||||
Tillefoan | 598 |
Oerûguay, offisjieel de Republyk Eastlik fan de Oerûguay (Spaansk: República Oriental del Uruguay) is in lân yn Súd-Amearika. It leit oan de Atlantyske Oseaan en grinzet oan de lannen Brazylje en Argentynje. De haadstêd is Montevideo.
Skiednis
De earste bewenners fan Oerûguay wienen Yndianen dy't ta de Charrua stam hearden, sy libben fan de jacht en de fiskfangst. Noch hieltyd binne ôfstammelingen fan harren te finen yn it oanswettende gebiet mei Brazylje. Nei de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus en de dêrop folgjende Spaanske kolonisaasje fan begjin 16e iuw ôf wie Oerûguay in part fan it Spaanske ûnderkeninkryk Rio de la Plata. Krekt as yn it hiele Spaanske Amearika ûntstie yn it destiids Oerûguay fan 1810 ôf rebûljes doe't it memmelân troch de Frânsken beset holden waard. Fan 1816 oant 1828 makke it gebiet diel út fan de Feriene Provinsjes fan de Río de la Plata. Op 25 augustus 1825 waard de ûnôfhinklikens útroppen, mar pas sûnt 1828 wie Oerûguay hielendal frij.
De neifolgjende jierren wienen typearjend foar Latynsk-Amearika. It lân hie hieltyd te krijen mei rigen boargeroarloggen tusken de konservativen en de liberalen, dy't de "Colorados" en de "Blancos" neamd waarden. Yn 1870 makke it leger in ein oan dizze krigen. Fan doe ôf waakse stadichoan de demokrasy yn it lân dy't der foar soarge hat dat de kloof tusken arm en ryk lytser wurden is.
Oerûguay stiet fierders bekend om it feit dat it lân al 2 kear wrâldkampioen fuotbal wurden is, te witten yn eigen lân yn 1930 en yn Brazylje yn 1950.
Geografy
De Cerro Catedral (514 m) is it heechste punt fan it lân. Oare hege bergen binne de Cerro Ventana (420 m) en de Cerro Colorado (299 m). De wichtichste rivieren binne de Rio de la Plata (súdwest), de Río Negro (yn de midden), Merínlagune (easten), de Rio de la Plata (suden). Oerûguay hat in myld oant wiettich subtropysk klimaat.
De julymoanne is de kâldste moanne mei trochsneedtemperatueren tusken de 10–13 graden. De waarmste moanne is jannewaris, dan is de trochsneedtemperatuer tusken de 22–25 graden. Jierlikse reinfal leit tusken de 900 en 1.300 milimeter.
Demografy
De befolking fan Oerûguay bestiet foar it grutste part (88%) út ôfstammelingen fan Jeropeanen. Mestizen, minsken fan mingd Spaansk-Yndiaansk bloed foarmje de twadde grutste groep mei 8% en neikommelingen fan Afrikaanske Slaven mei-inoar 4%. De Jeropeeske ynwenners kamen fral út Spanje en foar in grut diel út Itaalje, fierders kamen sy ek út Dútsktalige lannen. De yndiaanske stammen dy't ynearsten yn Oerûguay wennen binne allegearre yn de 19e iuw útrûge troch de blanken.
Religy
De Roomsk-Katolike Tsjerke hat as ynstitút – hiel ûngewoan foar Latynsk-Amearika – relatyf net folle ynfloed op it maatskiplik libben. Sawat 74% fan de befolking jout oan Katolyk te wêzen, 2% by it Protestantisme, 2% by it Joadendom en 21 % heart ta in oar leauwen of leaut net.