24 juny
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 juny | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
24 juny is de 175e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 176e). Der folgje noch 190 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1314 - Yn 'e Slach by Bannockburn witte de Skotten de Ingelsen beslissend te ferslaan, wêrmei't de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Skotlân feilichsteld wurdt.
- 1340 - Waldemar IV wurdt kening fan Denemark.
- 1509 - Hindrik VIII wurdt kroane ta kening fan Ingelân.
- 1591 - De earste stien wurdt lein foar it Stedhûs fan Frjentsjer.
- 1597 - De earste Nederlânske ekspedysje nei East-Ynje berikt Bantam (oan 'e noardkust fan Java).
- 1762 - De Drachtster doarpskronikeur Bearn Lap wurdt feroardiele ta twa jier sel.
- 1812 - Napoleon Bonaparte falt Ruslân binnen en set útein mei syn fatale Tocht nei Moskou.
- 1894 - It IOC beslút elke fjouwer jier Olympyske Spullen te organisearjen.
- 1901 - De earste tentoanstelling fan 'e Spaanske keunstskilder Pablo Picasso wurdt iepene yn Parys.
- 1963 - Demonstraasje fan 'e earste fideorecorder, yn 'e studio's fan 'e BBC.
- 1972 - It earste optreden fan 'e Blauhúster Dakkapel.
Berne
- 1254 - greve Floaris V fan Hollân († 1296)
- 1322 - hartoginne Jehanna fan Brabân († 1406)
- 1340 - Jan fan Gint (John of Gaunt), Ingelsk prins en hartoch fan Akwitaanje († 1399)
- 1532 - greve Edzard II fan Eastfryslân († 1599)
- 1846 - Ellen Francis Mason, Amerikaansk oersetster († 1930)
- 1888 - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper († 1964)
- 1890 - Frank Fools Crow, Amerikaansk aktivist en Yndiaansk medisynman († 1989) (mooglik berne op 27 juny)
- 1890 - Hartman Sannes, Frysk skiedkundige († 1956)
- 1911 - Juan Manuel Fangio, Argentynsk Formule 1-koereur († 1995)
- 1922 - Pieter Kooistra, Frysk keunstner en skriuwer († 1998)
- 1947 - Wobbe van Seijen, Frysk ûndernimmer en muzykprodusint
- 1952 - Bert Middel, Nederlânsk politikus
- 1970 - Glenn Medeiros, Amerikaansk sjonger en lietsjeskriuwer
- 1978 - Emppu Vuorinen, Finsk gitarist
Ferstoarn
- 79 - keizer Fespasianus fan it Romeinske Ryk (* 9)
- 1439 - hartoch Freark IV fan Eastenryk (* 1382)
- 1519 - Lukresia Borgia, Italjaansk ealfrouwe (* 1480).
- 1602 - Epo fan Douma, Frysk ealman en wettergeus (* 1542)
- 1644 - Johannes Maccovius, Poalsk-Frysk teolooch (* 1588)
- 1788 - Pieter Burman jr., Nederlânsk taalkundige en dichter (* 1714)
- 1948 - Alexander van Voss, rykskargivaris fan Fryslân (* 1894)
- 2000 - Vera Atkins, Roemeensk-Ingelsk spionne (* 1908)
- 2008 - Tine Leiker-Kooijmans, Nederlânsk skriuwster en oersetster (* 1915)
- 2014 - Piet Rigter van der Zee, Frysk sjoernalist en skriuwer (* 1914)
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 juny | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|