2024

Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e
Jierren: 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026 2027 2028 2029


Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
2024
MMXXIV
Ab urbe condita 2777
Armeenske kalinder 1473

ԹՎ ՌՆՀԳ

Etiopyske kalinder 2016 – 2017
Hebriuwske kalinder 5784 – 5785
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2079 – 2080
- Shaka Samvat 1946 – 1947
- Kali Yuga 5125 – 5126
Iraanske kalinder 1402 – 1403
Islamityske kalinder 1446 – 1446
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4720 – 4721

庚卯 – 辛辰

2024 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2024.)

Foarfallen

jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
  • 3 - Presidint Yoon Suk-yeol fan Súd-Koreä ropt de steat fan belis út om it parlemint bûtenspul te setten, om't de opposysje neffens him gearspant mei it kommunistyske Noard-Koreä. Dy die wurdt algemien beskôge as in steatsgreep fan in presidint dy't foar syn belied gjin mearderheid yn it parlemint krije kin. Nei't it hiele lân him tsjin Suk-yeol keart, lûkt er de steat fan belis op 'e iere moarn fan 4 desimber wer yn.
  • 4 - Yn Frankryk stjoert it parlemint it regear fan premier Michel Barnier nei hûs troch in moasje fan wantrouwen oan te nimmen. Soks is net mear bard sûnt 1962.
  • 6 - It Grûnwetlik Hof fan Roemeenje annulearret de útkomst fan 'e earste omgong fan 'e presidintsferkiezings (holden op 24 novimber l.l.), wêrby't ûnferwachts de populistyske ekstreem-rjochtse kandidaat Călin Georgescu as koprinner út 'e bus kaam. Neffens it Hof wie dat it resultaat fan ûntalitbere Russyske ynminging. De hiele ferkiezing moat oerdien wurde.
  • 7 - Yn De Haach wurdt mei swier fjoerwurk en benzine in oanslach dien op in breidswinkel oan 'e Tarwekamp, dy't eigendom is fan 'e eks-freondinne fan ien fan 'e dieders. By de resultearjende brân komme yn 'e boppelizzende appartemintenminsken om.
  • 8 - Yn Syrje komt de slepende Syryske Boargeroarloch nei trettjin jier ta in ein as it rezjym fan diktator Basjar al-Assad ûnder fuotten helle wurdt troch in koälysje fan rebellen ûnder lieding fan 'e islamistyske beweging Hajat Tachrir al-Sjaam. Assad flechtet nei Ruslân, dêr't er polityk asyl kriget.
  • 14 - It parlemint fan Súd-Koreä stelt in ôfsettingsproseduere yn wurking tsjin presidint Yoon Suk-yeol, y.f.m. mei dy syn mislearre steatsgreep fan 3 desimber l.l.
  • 14 - De Sykloan Chido raast oer it Frânske eilân Majot yn 'e Yndyske Oseaan en rjochtet dêr in ravaazje oan. Der komme teminsten 172 minsken om.
  • 17 - Port Vila, de haadstêd fan Fanûatû, wurdt troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 7,3 op 'e skaal fan Richter. Der komme teminsten 16 minsken om.
  • 20 - Yn it Dútske Magdeburg fynt in oanslach plak, wêrby't in man ynriidt op 'e besikers fan in krystmerk. Der komme 5 minsken om, wylst 235 oaren ferwûne reitsje. De dieder is fan Saûdysk komôf, hat de islaam de rêch takeard en is oanhinger fan 'e ekstreem-rjochtse partij AfD. It motyf foar syn die is in riedsel.
  • 25 - Azerbaijan Airlines-flecht 8243 stoart del by Aqtau, yn Kazachstan. Der komme 38 minsken om; 29 ynsittenden oerlibje de fleanramp. It docht bliken dat it ferkearsfleantúch, in Embraer ERJ-190AR, foar in Oekraynske drone oansjoen is en rekke is troch it Russyske loftdoelgeskut. Om it noch minder te meitsjen, hawwe de Russyske autoriteiten doe wegere om it oansketten fleantúch lânje te litten, sadat it oer de Kaspyske See hinne útwike moast nei Kazachstan.
  • 27 - Premier Han Duck-soo, dy't sûnt 14 desimber l.l. waarnimmend presidint fan Súd-Koreä is, wurdt troch it parlemint ôfset om't er wegeret twa wetten te ratifisearjen dy't de strafferfolging fan presidint Yoon Suk-yeol mooglik meitsje. Hy wurdt as waarnimmend presidint opfolge troch fise-premier Choi Sang-mok.
  • 29 - Jeju Air-flecht 2216 moat, nei alle gedachten trochdat der fûgels yn 'e motors sûgd binne, in búklâning meitsje op 'e Ynternasjonale Lofthaven Muan, te Muan yn Súd-Koreä. It gliidzjende fleantúch hat gjin remmen en batst op in muorre dy't om ûnferklearbere redens oan 'e ein fan 'e lâningsbaan boud is. Dêrby komme 179 fan 'e 181 ynsittenden om.

Berne

Ferstoarn

jannewaris
febrewaris
maart
  • 1 - Iris Apfel, Amerikaansk ûntwerpster (* 1921)
  • 1 - Péter Povázsay, Hongaarsk kanofarder (* 1946)
  • 4 - Kees Rijvers, Nederlânsk fuotballer en bûnscoach (* 1926)
  • 5 - Vadym Hladoen, Oekraynsk basketballer (* 1937)
  • 6 - Joep Coppens, Nederlânsk keunstner (* 1940)
  • 6 - Johan Frieswijk, Frysk skiedkundige (* 1943)
  • 9 - Antanas Bagdonavičius, Litousk roeier (* 1938)
  • 10 - Sergej Diomidov, Oezbeeksk turner (* 1943)
  • 10 - T.M. Stevens, Amerikaansk bassist (* 1951)
  • 11 - Marina van der Es-Siewers, Aldste minske fan Nederlân (*1913)
  • 11 - Emilio Correa, Kubaansk bokser (* 1953)
  • 14 - Frans de Waal, Nederlânsk Biolooch (* 1948)
  • 15 - Paul Josef Cordes, Dútsk kardinaal (* 1934)
  • 16 - Kees Verheul, Nederlânsk skriuwer (* 1940)
  • 17 - Steve Harley, Ingelsk sjonger (* 1951)
  • 18 - Thomas Stafford, Amerikaansk romtefarder (* 1930)
  • 18 - Rose Dugdale, Iersk terroriste (* 1941)
  • 18 - Kenjiro Shinozuka, Japansk rallykoereur (* 1948)
  • 24 - Dennis Bouman, Nederlânsk rapper (* 1970)
  • 25 - Fritz Wepper, Dútsk akteur (* 1941)
  • 25 - Humphrey Campbell, Nederlânsk sjonger (* 1958)
  • 26 - Jerre Hakse, Frysk keunstner (* 1937)
  • 26 - Richard Serra, Amerikaansk keunstner (* 1938)
  • 28 - Theo Olthuis, Nederlânsk skriuwer (* 1941)
april
  • 2 - Juan Vicente Pérez Mora âldste persoan (* 1909)
  • 3 - Tootie Heath, Amerikaansk drummer (* 1935)
  • 5 - Harry Dikmans, Nederlânsk akteur en tekener (* 1927)
  • 6 - Philip Wagner, Nederlânsk heechlearaar (* 1962)
  • 7 - Pat Hennen, Amerikaansk motorkoereur (* 1953)
  • 8 - Peter Higgs, Ingelsk Natuerkunde (* 1929)
  • 9 - Max Werner, Nederlânsk drummer (* 1953)
  • 10 - O.J. Simpson, Amerikaansk Amerikaansk fuotballer en akteur (* 1947)
  • 12 - Olga Fikotová, Tsjechoslowaaksk-Amerikaansk diskuswerpster (* 1932)
  • 12 - Roberto Cavalli, Italjaansk moade-ûntwerper (* 1940)
  • 14 - Beverly LaHaye, Amerikaansk skriuwster (* 1929)
  • 15 - Pedro Rubiano Sáenz, Kolombiaansk kardinaal (* 1932)
  • 15 - Bernd Hölzenbein, Dútsk fuotballer (* 1946)
  • 16 - Jacques Cooper Frânsk ûntwerper (* 1931)
  • 16 - Rodney Gould Ingelsk motorkoereur (* 1943)
  • 28 - Dickey Betts, Amerikaansk muzikant (* 1943)
  • 23 - Henk Jongerius, Nederlânsk preester (* 1941)
  • 23 - Yukio Kasaya, Japansk skânsspringer (* 1943)
  • 24 - Mike Pinder, Ingelsk toetsenist en sjonger (* 1941)
  • 30 - Paul Auster, Amerikaansk skriuwer (* 1947)
maaie
  • 1 - Richard Tandy, Ingelsk toetsenist (* 1948)
  • 2 - Sjoukje Dijkstra, Frysk keunstrydster (* 1942)
  • 3 - Imerio Massignan, Italjaansk hurdfytser (* 1937)
  • 4 - Frank Stella, Amerikaansk keunstner (* 1936)
  • 8 - John Barbata, Amerikaansk drummer (* 1945)
  • 11 - Rick Brink, Nederlânsk politikus en minskerjochte-aktivist (* 1985)
  • 13 - Alice Munro, Kanadeesk skriuwster (* 1931)
  • 14 - George Groot, Nederlânsk kabaretier (* 1942)
  • 16 - Dabney Coleman, Amerikaansk akteur (* 1932)
  • 16 - Hank Onrust, Nederlânsk regisseur (* 1941)
  • 18 - Mark Wells, Amerikaansk iishockeyer (* 1957)
  • 18 - Frank Schaafsma, Nederlânsk akteur en bassist (* 1964)
  • 19 - Ebrahim Raisi, Iraansk presidint (* 1960)
  • 22 - David Wilkie, Skotsk swimmer (* 1954)
  • 23 - Rudolf Spoor, Nederlânsk regisseur (* 1938)
  • 25 - Richard Sherman, Amerikaansk lietsjeskriuwer (* 1928)
  • 25 - Klaas Dankert, Frysk politikus (* 1942)
  • 25 - Johnny Wactor, Amerikaansk akteur (* 1986)
  • 26 - Bertien van Manen, Nederlânsk fotografe (* 1935)
  • 29 - Arjen Teeuwissen, Nederlânsk hynsterider (* 1971)
  • 30 - Tom Bower, Amerikaansk akteur (* 1938)
  • 31 - Carel Copier, Nederlânsk drummer (* 1952)
juny
  • 1 - Harry van Hoof, Nederlânsk dirigint (* 1943)
  • 1 - Erich Anderson, Amerikaansk akteur (* 1956)
  • 1 - Q.S. Serafijn, Nederlânsk keunstner (* 1960)
  • 2 - Janis Paige, Amerikaansk aktrise (* 1922)
  • 2 - Carl Cain, Amerikaansk basketballer (* 1934)
  • 3 - Gerrie Wachtmeester, Nederlânsk keunstner (* 1957)
  • 4 - Jan Reehorst, Nederlânsk politikus (* 1923)
  • 7 - William Anders, Amerikaansk astronaut (* 1933)
  • 10 - Eric Beekes, Nederlânsk akteur (* 1949)
  • 10 - Lennart van der Meulen, Nederlânsk bestjoerder (* 1959)
  • 10 - Saulos Chilima, fise-presidint fan Malawy (* 1973)
  • 11 - Françoise Hardy, Frânsk sjongeres en aktrise (* 1944)
  • 12 - Jerry West, Amerikaansk basketballer (* 1938)
  • 16 - Bob Schul, Amerikaansk atleet (* 1937)
  • 16 - Jodie Devos, Waalsk sopraan (* 1988)
  • 19 - Jan Cremer, Nederlânsk skriuwer en keunstner (* 1940)
  • 20 - Donald Sutherland, Kandadeesk akteur (* 1935)
  • 22 - Péter Kovács, Hongaarsk gymnast (* 1959)
  • 23 - Michael Krause, Dútsk hockeyer (* 1946)
  • 24 - Shifty Shellshock, Britsk sjonger (* 1974)
  • 25 - Bill Cobbs, Amerikaansk akteur (* 1934)
  • 29 - Jacqueline de Jong, Nederlânsk keunstnaresse (* 1939)
  • 29 - Lalla Latifa Hammou, oarehelte fan Hassan II fan Marokko (* 1946)
july
augustus
septimber
oktober
  • 2 - Martin Schröder, Nederlânsk loftfeartûndernimmer (* 1931)
  • 2 - Rüdiger Henning, Dútsk roeier (* 1943)
  • 6 - Johan Neeskens, Nederlânsk fuotballer (* 1951)
  • 7 - Marten Koopmans, Frysk boargemaster (* 1939)
  • 7 - Hans van Hemert, Nederlânsk muzykprodusint (* 1945)
  • 9 - Hadriaan van Nes, Nederlânsk roeier (* 1942)
  • 9 - Hugo Koolschijn, Nederlânsk akteur (* 1946)
  • 12 - Alex Salmond, premier fan Skotlân (* 1954)
  • 15 - Peter Luther, Dútsk hynsterider (* 1939)
  • 16 - Liam Payne, Britsk sjonger (* 1993)
  • 17 - Emile Daems, Waalsk hurdfytser (* 1938)
  • 21 - Flory Anstadt, Nederlânsk programmamakster en regisseuse (* 1928)
  • 21 - Paul D'Anno, Britsk sjonger (* 1958)
  • 23 - Leon Cooper, Amerikaansk natuerkundige en nobelpriiswinner (* 1930)
  • 27 - Hans Kemna, Nederlânsk casting-director (* 1940)
  • 29 - Teri Garr, Amerikaansk aktrise (* 1944)
novimber
  • 1 - Luiz Onmura, Braziljaansk judoka (* 1960)
  • 3 - Quicy Jones, Amerikaanske muzykprodusint, muzikant en lietsjeskriuwer (* 1933)
  • 7 - James Rawson, Britsk tafeltennisser (* 1965)
  • 10 - Dallas Long, Amerikaansk atleet (* 1940)
  • 10 - Bert Veldkamp, Nederlânsk bassist (* 1952)
  • 13 - Michał Dąbrowski, Poolsk skermer (* 1986)
  • 17 - Joachim Griese, Dútsk hurdsiler (* 1952)
  • 18 - Piet Zwaanswijk, Nederlânsk keunstner (* 1947)
  • 18 - Emile Jansen, Nederlânsk akteur (* 1959)
  • 20 - John Bernard, Nederlânsk waarman (* 1937)
  • 21 - Jan Buisman, Nederlânske histoarysk-geograaf (* 1925)
  • 21 - Andrea Kékesy, Hongaarsk keunstrider (* 1926)
  • 24 - Jos Lammertink, Nederlânsk hurdfytser (* 1958)
  • 24 - Bob Bryar, Amerikaansk drummer (* 1979)
  • 26 - Guus Sundermeijer-Rincker, Nederlânsk keunstskilder (* 1923)
  • 27 - Fedde Jonkman, Frysk politikus (* 1941)
  • 29 - Ian Trewhella, Australysk bôgesjitter (* 1945)
desimber

Tillefyzje


Jierren: 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026 2027 2028 2029
Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (dú) ZDF.de, 27-2-2024, RAF-Terroristin Klette in Berlin gefasst
  2. (ned) nu.nl, 27-2-2024, Lid van Duitse terroristische groep RAF na dertig jaar opgepakt in Berlijn
  3. Omrop Fryslân, 26-3-2023, Opspoaring fersocht: alve waskbearen ûntsnapt út AquaZoo
  4. Omrop Fryslân, 20-5-2021, Gebouwen ûntromme troch wetteroerlêst yn omjouwing fan Bûtenpost
  5. (ned) Waldnet, 26-5-2024, Gewonde bij ongeluk met sportvliegtuig op Ameland
  6. Omrop Fryslân, 17-6-2024, Tink derom: trije wiken lang gjin treinen yn Ljouwert
  7. (ned) NOS.nl 9-8-2024, Passagiersvliegtuig met 61 mensen aan boord neergestort bij São Paulo
  8. Omrop Fryslân, 11-7-2024, SKS-foarsitter oer ferstjerren Pieter Brouwer: "Hy wie altyd optimistysk" Riedplachte op 11-7-2024