Ezra (Gryksk)
Ezra (Gryksk) | ||
In tekstkolom út it boek Ezra A (oftewol Ezra (Gryksk)), út 'e Septuaginta. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Esdras | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk, Arameesk of Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1e iuw f.Kr. – 1e iuw n.Kr. |
Ezra (Gryksk) is in joadsk religieus geskrift, nau besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat hjoed de dei troch alle joadske streamings en it westersk kristendom as apokryf beskôge wurdt, al stie it yn 'e Aldheid mank de joaden yn heech oansjen en makke it diel út fan 'e kanon fan 'e iere tsjerke. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en komt fierhinne oerien mei it bibelboek Ezra, ôfsjoen fan ien opfallende tafoeging yn 'e midden fan haadstik 4. It makke diel út fan 'e Septuaginta, de iere en yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken noch altyd gesachhawwende Grykske bibeloersetting. Mei't der ûnderskate ûngerjochtichheden yn it ferhaal sitte, binne de measte saakkundigen fan tinken dat der oer Ezra (Gryksk) mear as ien skriuwer gear west hat. Mar guon fan harren miene ek dat dit geskrift it orizjineel is, dêr't it bibelboek Ezra op basearre is. Oer de oarspronklike taal is men it net iens: dat soe Gryksk, Arameesk of Hebriuwsk west hawwe kinne, mar fanwegen de oerienkomsten yn taaleigen en skriuwstyl mei de it bibelboek Daniël yn 'e Septuaginta tinkt men dat de skriuwer (of de Grykske oersetter, as it Gryksk net de oarspronklike taal fan 'e tekst wie) ek belutsen west hawwe moat by de Grykske oersetting fan Daniël. Ezra (Gryksk) wurdt yn 'e regel datearre yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr.
Namme
Ezra (Gryksk) wurdt yn ferskillende bibels ferskillend nûmere: yn 'e measte apokrife taheakken op Ingelsktalige bibels hjit it fan 1 Ezra of 1 Esdras ("Esdras" is de helenisearre foarm fan "Ezra"); yn 'e Slavyske eastersk-otterdokse, Georgysk-otterdokse en Armeensk-otterdokse bibels draacht it de titel 2 Ezra of 2 Esdras; en yn 'e Latynske Fulgaat wurdt it 3 Ezra of 3 Esdras neamd. Yn 'e bibel fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke hjit dit boek fan Ezra Kali, wylst de Grykske Septuaginta fan Ezra A of Esdras A sprekt.
Kanonykheid
Op grûn fan 'e opnimming fan Ezra (Gryksk) yn 'e Septuaginta wurdt dit boek ta de kanon fan 'e Bibel rekkene troch de eastersk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-otterdokse tsjerken, de Russysk-Otterdokse Tsjerke en de Georgysk-Otterdokse Tsjerke). Under de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken heart it ta de kanon fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke, wylst it yn 'e kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke, tegearre mei Ezra Sutu'el (h. 3-14 fan Ezra (Latyn)) ien bibelboek foarmet. Ezra (Gryksk) is fierdersoan ek opnommen yn 'e Latynske Fulgaat en in protte Ingelsktalige bibels, mar inkeld as in nijsgjirrige apokrife taheakke.
Ynhâld
Ezra (Gryksk) omfettet hiele Ezra mei tafoeging fan ien orizjinele passaazje en in wiidweidiger oanhef. De yndieling fan 'e fersen is sadwaande oars. Sa't Ezra begjint mei de lêste beide fersen fan it bibelboek 2 Kroniken, sa set Ezra (Gryksk) útein mei de lêste beide haadstikken fan dat boek. Dat suggerearret dat 1 en 2 Kroniken en Ezra oarspronklik wolris ien boek west hawwe kinne.
Ezra 4:6 befettet in ferwizing nei in kening Ahasfearos. Etymologysk is dat deselde as de Perzyske kening Kserkses I, dy't eins tusken 486 en 465 f.Kr. regearre, en sadwaande op dit plak anagronistysk is. Dêrfandinne dat guon teksthistoarisy de namme "Ahasfearos" mei in oare Perzyske foarst identifisearje. Yn Ezra (Gryksk) is dizze ferwizing ferfongen troch de oanfoljende passaazje, de saneamde Inclusio, dy't Syrus de Grutte, Darius de Grutte en Artakserkses I yn harren histoaryske folchoarder ferskine lit.
Dêryn wurdt ferhelle hoe't de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim, dêr't de út 'e Babyloanyske Ballingskip weromkearde Joaden mei úteinset wiene, oant it twadde jier fan it regear fan Darius behindere waard (Ezr. (G.) 2:30b). Dêrnei wurdt ferteld oer in feest oan it hof fan Darius (Ezr. (G.) 3), hoe't Darius ûnthiet om 'e rest fan 'e ballingen te repatriëarjen (Ezr. (G.) 4) en hoe't dyselden te Jeruzalim mei blydskip en feestfieren ynhelle waarden (Ezr. (G.) 5:1-6). Troch dizze oanfolling wurdt it boek Ezra in ôfrûne gehiel, dat los stean kin fan it boek Nehemia. Sterker noch, guon saakkundigen, lykas W.F. Albright en Edwin M. Yamauchi, binne fan tinken dat Nehemia earder as Ezra nei Jeruzalim weromkearde, wat betsjutte soe dat de boeken yn 'e Bibel ferkeardom steane.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |