Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Belgje2018 yn Stavelot op 26 augustus.
It wie de tretjinde race fan 21 races fan de Formule 1 yn 2018. Hy waard op it Sirkwy fan Spa-Francorchamps hâlden. De race waard hâlden oer 44 omgongen, op it 7 km lange sirkwy foar in raceôfstân fan 308 kilometer.
Force India
Nei ôfrin fan de foargeande Grutte Priis fan Hongarije waard it team fan Force India op 28 july ûnder ferskerpe finansjeel tafersjoch pleatst. [1] Op 7 augustus waard it team ferkocht oan in konsortium fan sakelju ûnder lieding fan Lawrence Stroll, heit fan Williams-koereur Lance Stroll.[2] Lange tiid bleau it lykwols ûnwis oft it team wol meidwaan mocht oan de Grutte Priis fan Belgje, om't de ynvestearders alle besittingen fan it team kochten, útsein it startbewiis. Op 23 augustus waard bekend dat it team ûnder de namme "Racing Point Force India" it seizoen ôfmeitsje sil. [3] Om't it yn feite in nije ynskriuwing oanbelanget, ferfalle alle punten dy't it team oant de Grutte Priis fan Hongarije skoard hat. Alle punten dy't fan de Grutte Priis fan Belgje ôf skoard wurde, telle wol mei foar it konstrukteurskip. Koereurs Sergio Pérez en Esteban Ocon behâlde wol alle punten dy 't sy skoard hawwe yn it kûreurskampioenskip.
Kwalifikaasje
Valtteri Bottas, Nico Hülkenberg, Carlos Sainz en Stoffel Vandoorne waarden elk tritich plakken weromset by de start fanwegen it wikseljen fan meardere motorûnderdielen.