Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Japan2014 yn Oyama op 5 oktober.
It wie de fyftjinde race fan 19 races fan de Formule 1 yn 2014. Hy waard op it sirkwy fan Suzuka hâlden. De race waard hâlden oer 44 omgongen, op it 5,8 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 255,5 kilometer. De 53 omgongen dy't de wedstriid eins hawwe soe waard net helle troch it slimme ûngemak fan Jules Bianchi.
Kwalifikaasje
Pastor Maldonado en Jean-Éric Vergne waarden elk tsien plakken weromset by de start om't se mear motorûnderdielen wiksele hiene as tastien dit seizoen.
De race stie yn it ramt fan de sykloan "Phanfone", dy't de dei nei de wedstriid oer it sirkwy lûke soe en yn de race al foar in soad buien soarge. Om't it bot reinde by de start fan de wedstriid waard begûn efter de safety car. Nei twa omgongn efter de safety car besleat de wedstriidlieding dat it te hurd reinde om trochride te kinnen en waard de wedstriid stillein. Tweintich minuten letter waard de wedstriid ferfette en yn omgong 10 ried de safety car de pitstrjitte yn, wêrnei 't de wedstriid echt begjinne koe. Fernando Alonso moast syn auto yn dizze safetycarfaze mei elektryske problemen neist de baan sette.
Fanwegen akwaplaning glied de Sauber fan Adrian Sutil yn de 41ste omgong fan de wedstriid fan de dyk yn de Dunlop-bocht (bocht 7) en bedarre yn de bannesteapel. Wylst de baankommissarissen dwaande wiene mei in shovel de auto fan Sutil fuort te heljen, glied de Marussia fan Jules Bianchi in omgong letter op 'e selde wize fan de baan en bedarre dêrby mei hege gong tsjin de shovel. De safety car neutralisearre de wedstriid, dy't fanwegen de earnst fan de situaasje twa omgongen letter definityf stillein waard. Jules Bianchi waard bewusteleas mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs. Undersyk yn it sikehûs liet sjen dat Bianchi slimme ferwûningen oan 'e harsens oprûn hie. Jules Bianchi rekke nei it ûngelok yn koma en kaam net mear by kennis. Hy waard yn novimber 2014 fan in sikehûs yn Japan oerbrocht nei in sikehûs yn Nice, mar al dy tiid wie der gjin foarútgong. Nei hast in jier yn koma ferstoar de koereur op 17 july2015 oan syn ferwûnings.
De wedstriid waard wûn troch Lewis Hamilton, dy't teamgenoat Nico Hulshoff yn omgong 29 ynhelle. Sebastian Vettel einige oarspronklik as fjirde, mar de regleminten bepale dat nei in reade flagge de útslach fêststeld wurdt oan de hân fan de stân in omgong earder. Dêrtroch behelle Vettel it tredde plak foar teamgenoat Daniel Ricciardo.
Utslach Grutte Priis
Pastor Maldonado krige in straf fan 20 sekonden om't er te hurd riden hie yn de pitstrjitte.
Jules Bianchi en Adrian Sutil waarden al klasseare om't se 90% fan de wedstriid útriden hiene.