Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Japan2019 yn Oyama op 13 oktober.
It wie de santjinde race fan 21 races fan de Formule 1 yn 2019. Hy waard op it sirkwy fan Suzuka hâlden. De race waard hâlden oer 52 omgongen, op it 5,8 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 301,6 kilometer. De 53 omgongen dy't de wedstriid eins hawwe soe waard net helle troch in flater mei de finish flagge.
Kwalifikaasje
Max Verstappen en Alexander Albon setten deselde tiid yn de tredde kwalifikaasje-omgong. Om't Verstappen syn tiid earder op de klok sette as Albon, waard hy boppe Grosjean pleatst yn de útslach
Kevin Magnussen en Robert Kubica slaggen der net yn om in tiid dy't oan it 107% regelemint foldie te setten yn de kwalifikaasje, mar mochten dochs meidwaan oan de wedstriid.
Robert Kubica starte út de pitstrjitte wei, om't der nei de kwalifikaasje noch oan syn auto wurke wie, as gefolch fan in ûngemak yn de earste kwalifikaasje-omgong.
Daniel Ricciardo en Nico Hülkenberg waarden tsien dagen nei ôfrin fan de wedstriid diskwalifisearre, om't se yllegale remelektroanika blikten te brûken op harren auto's.
Sergio Pérez fûl eins út yn de lêste omgong, mar tas gefolch fan de flater mei de finishflagge waard er dochs njoggende. Letter waard er sels as achtste klassearre as gefolch fan de diskwalifikaasje fan de twa Renault koereurs.
Charles Leclerc krige in straf fan 5 sekonden fanwegen in botsing mei Max Verstappen, en der kaam letter noch in straf fan 5 sekonden boppe-op om't er trochriden wie mei in auto dy't net mear feilich wie om mei te racen.