Tosk
Tosken foarmje tegearre mei kiezen it gebit yn de mûle fan in minske of yn de bek fan in dier. De tosk bestiet út in hurde, wite substânsje. De funksje fan tosken is it ôfsnijen en fynmeallen fan fiedsel. Fleisiters knippe harren proai hjirmei yn lytsere stikken en plante-iters kôgje en wjerkôgje it fiedsel. Fleisiters brûke de tosken ek om oan te fallen krekt as neilen.
Ear't it fiedsel yn de slokterm en mage komt, moat it fynmeald wurde troch de kiezen, de hoektosken hâlde it fiedsel te plak. Snijtosken hawwe foaral as doel om iten yn stikken te biten.
Oan de foarm fan de tosken is te sjen oft in dier in fleis- of plante-iter is. Ek in kombinaasje fan beide is mooglik, de allesiter.
Dit artikel is in stobbe oer anatomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |