Earste Brief fan Jehannes
Earste Brief fan Jehannes | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Α' Επιστολή του Ιωάννου ("Alfa Epistoli tou Ioannou") | |
auteur | Jehannes (evangelist) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 98 – 99 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Twadde Brief fan Petrus | |
● folgjend diel | Twadde Brief fan Jehannes | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief fan Jehannes | |
publikaasje | 1913, yn Yn Us Eigen Tael | |
oersetter | Eeltsje Boates Folkertsma |
It Earste Brief fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή του Ιωάννου, Alfa Epistoli tou Ioannou, ek wol koartwei 1 Jehannes neamd, is it 23ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 18de fan 'e brieven, en de fjirde fan 'e Algemiene Seinbrieven. 1 Jehannes wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Jehannes (±6-±100), en de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei it Evangeelje fan Jehannes en de oare beide Jehanninyske brieven, dat de grutte mearderheid fan 'e saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde skriuwer binne (de Iepenbiering fan Jehannes wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en teologen it lykwols net oer iens binne, is oft de evangelist Jehannes, dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. 1 Jehannes wurdt yn 'e regel datearre om 98 of 99 hinne. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Jehannes wie fan 'e hân fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't him yn 1913 publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.
Ynhâld
1 Jehannes is eins in preek of in traktaat ynstee fan in brief, en opskrift, adressearring en groetnis ûntbrekke dan ek. Men is fan tinken dat er rjochte is oan 'e kristenen yn it algemien. De tekst fettet in stikmannich wichtige saken op it mêd fan it kristlik leauwe gear, wêrby't de tematyk draait om leafde foar en mienskip mei God. Jehannes omskriuwt in ferskaat oan selsbeproevings dy't leauwenden dwaan kinne om te sjen oft harren leauwe oprjocht is, en leart dat it bewiis fan spirituële groei in libben fan aktive frommens is. Hy makket ek ûnderskie tusken de wrâld (dy't fol fan kwea is en regearre wurdt troch de duvel) en de bern fan God, de wiere leauwenden (dy't har fan 'e wrâld losmakke hawwe).
It is klear te sjen oan 'e opbou fan it brief dat de skriuwer in oplieding yn 'e retoarika folge hat, mei't de betingsten dy't yn 'e Aldheid oan 'e retoarika ferbûn waarden (doel, struktuer, styl en ûnthâld) der dúdlik út nei foarren komme. 1 Jehannes iepenet mei in tsjûgenis dat God ljocht is, mei dêrby in fermoanning oan 'e leauwenden om "yn syn ljocht" te libjen (1 Jeh. 1:1-2:14). Dan folget der in oprop om net fan 'e wrâld te hâlden mei ierdske redens en op ierdske manearen (1 Jeh. 2:15-3:10). It lykwicht dêrmei hâldt it trêde diel fan it brief, dat beklammet dat men ynstee fan jins neiste hâlde moat (1 Jeh. 3:11-4:13). It brief einiget mei in nij tsjûgenis, diskear fan God dy't leafde is: it ivige libben is fan harren dy't har libben liede mei fan God te hâlden (1 Jeh. 4:14-5:20).
Fryske oersetting
Gerben Colmjon sette yn 1863 1 Jeh. 1:8-9 oer yn it Frysk, dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1913 sette Eeltsje Boates Folkertsma alle trije brieven fan Jehannes yn har gehiel oer en publisearre se yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Dû. Geart Aeilco Wumkes joech yn 1919 yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan 1 Jeh. 1:8-10 en 2:1-6 út.
De oersetting fan Folkertsma kaam neitiid yn it Nije Testamint fan Wumkes en Folkertsma te stean, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 1 Jehannes waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |