2 septimber
2 septimber is de 245e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 246e). Der folgje noch 120 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
1645 - Elisabeth fan de Palts, de 'Winterkeninginne' fan Bohemen , leit justjes bûten De Haach de earste stien foar in nij steedhâlderlik ferbliuw: Paleis Hûs te'n Bosk.
1752 - Grut-Brittanje fiert Gregoriaanske kalinder yn. Dêrtroch is it dêr moarn net 3 , mar 14 septimber .
1870 - Nei syn ferlies yn 'e Slach by Sedan, yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch , komt de Frânske keizer Napoleon III yn Prusyske kriichsfinzenskip .
1944 - De Joadske Anne Frank , har heit en mem en âldere suster wurde op 'e lêste trein fan Kamp Westerbork nei Auschwitz set. Op 6 septimber komme se dêr oan.
1945 - De Twadde Wrâldoarloch einiget mei de kapitulaasje fan Japan.
1970 - Yn Drachten wurdt de DZ&PC , de grutste swimferiening fan Noard-Nederlân , oprjochte.
1990 - Transdnjestrje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan Moldaavje .
1990 - It Ferdrach oangeande de Rjochten fan it Bern, dat op 20 novimber 1989 oannommen is troch de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes, giet yn.
2002 - De Fryske Wikipedy set útein.
2018 - It Feitsma Fûûns fwar it Frysk organisearret yn 'e tsjerke fan Brantgum in betinking fan Tony Feitsma mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018 .
Berne
1661 - Georg Böhm, Dútsk komponist en oargelist († 1733 )
1778 - Loadewyk Napoleon Bonaparte , kening fan Hollân († 1846 )
1850 - Albert Spalding, Amerikaansk honkballer en ûndernimmer († 1915 )
1894 - Joseph Roth , Oekraynsk sjoernalist en skriuwer († 1939 )
1920 - Jakob Vellenga , Frysk politikus († 2012 )
1927 - Aggie van der Meer , Frysk skriuwster
1949 - Albert West , Nederlânsk sjonger († 2015 )
1951 - Mark Harmon , Amerikaansk akteur
1955 - Natalja Petroeseva , Russysk reedrydster
1963 - James Kennedy , Amerikaansk histoarikus
Ferstoarn
1779 - Onno Zwier van Haren , Frysk politikus, diplomaat en skriuwer (* 1713 )
1840 - Franz Meyen , Dútsk biolooch (* 1804 )
1872 - Nikolai Frederik Severin Grundtvig , Deensk teolooch, filosoof en pedagooch (* 1783 )
1926 - Jeanne Malivel , Bretonsk keunstneresse (* 1895 )
1937 - Pierre de Coubertin , Frânsk skiedkundige, pedagooch en sportbestjoerder (* 1863 )
1943 - Pieter Baukes Yetsenga , Frysk keatser (* 1865 )
1973 - J.R.R. Tolkien , Ingelsk skriuwer en taalkundige (* 1892 )
1985 - Abe Lenstra , Frysk fuotballer (* 1920 )
2009 - Pieter Gerbenzon , Frysk heechlearaar rjochtsskiednis (* 1920 )
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License .
A link to the original article can be found here and attribution parties here
By using this site, you agree to the Terms of Use . Gpedia ® is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd